Fernijd doarpshûs Hichtum

13 sep 2014 - 07:59

Doarpshûs Us Gerak fan Hichtum hat in flinke opknapbeurt hân en is no wer iepen foar gebrûk. De seal is útwreide en hast twa kear sa grut wurden. Dat wie nedich om't der te min plak wie foar alle ferienings. Boppedat foldie it gebou út 1993 net mear oan de lûdsnoarmen.

It nije doarpshûs is freed offisjeel iepene troch boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)