Wyldeman kriget ûnderskieding

Herberch de Wyldeman fan De Lemmer hat de ûnderskieding de Lemster Bokking krige. Jaap de Jong en Jaap Riedstra binne de winners. Se krigen de ûnderskieding om't se de fertutearze herberch folslein opknapt hawwe.
De priis wurdt ien kear yn 'e twa jier útrikt oan in persoan of bedriuw dat in belangrike bydrage leveret oan de âld-gemeente Lemsterlân.