Goede start Bouwmeester op WK
Marit Bouwmeester mei tefreden wêze oer har earste dei op it WK silen yn Santander yn Spanje. Se begûn freed yn de Laser Radial klasse mei in achtste plak, mar wûn yn har groep de twadde race. Mei 9 punten stiet se no op it fjirde plak.
De Tsjechise Veronika Kozelska Fenclova stiet earste.