Noch gjin reaksje Elkien

Elkien © Google Street View
Wenningkorporaasje Elkien wol noch net ynhâldlik reagearje op de soargen fan guon gemeenten op de foarnommen fúzje mei De Wieren. De gemeente Littenseradiel brocht fan 'e wike nei bûten dat sy de fúzje gjin goed idee fynt, om't der dan minder yn wenningen yn doarpen ynvestearre wurde soe. De PvdA fan de gemeente Ljouwert makket him ek soargen.
Neffens Elkien hawwe sy ek positive reaksjes krige op de fúzjeplannen. Sa binne ûnder oaren de gemeente Súdwest-Fryslân en de hierdersferiening yn dy gemeente posityf.
Pas as alle belutsen gemeenten en hierdersferienings reagearre hawwe, wol Elkien reagearje. De ferwachting is dat dat oer oardel wike is.