Hearrenfean sûnder Larsson

12 sep 2014 - 13:53

Sportklup Hearrenfean moat it sneon yn de wedstriid tsjin AZ dwaan sûnder Sam Larsson. De Sweed is mei in knibbelblessuere weromkaam nei in ynterlân mei Jong Sweden. Jeroen Lumu is ek net fit. Larsson wurdt ferfongen troch Morten Thorsby.

Jordy Buijs keart werom yn de ferdigening nei in skorsing. Dat giet ta skea fan Kenneth Otigba. AZ moat it dwaan sûnder coach Marco van Basten. De âld-Hearrenfeancoach sit op it stuit thús en De Telegraaf meldt sels dat er net weromkomt by AZ.

Ferwachte opstelling: Nordfeldt, Marzo, Buijs, Van Aken, Van Anholt, De Roon, Van der Berg, Sinkgraven, Slagveer, Uth en Thorsby.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean AZ
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)