Jubileum skoalle Earnewâld

De Master Frankeskoalle yn Earnewâld fiert freed it 25-jierrich bestean. De skoalle is in gearfoeging fan in iepenbiere en in kristlike skoalle. Dat is hjoed-de-dei gongber, mar yn de jierren '80 net. Doedestiids moast foar Earnewâld spesjaal de wet oanpast wurde.
Tsjintwurdich kieze mei de krimp yn de achterholle hieltyd mear skoallen foar de gearwurking iepenbier-kristlik om de holle boppe wetter te hâlden