Skeel yn CDA-steatefraksje

Johan Apperloo
CDA-steatelid Johan Apperloo út Balk stapt út de fraksje fanwege in skeel mei provinsjaal CDA-foarsitter Kuiper. Apperloo hie al besluten om nei de ferkiezings net mear yn de nije fraksje te sitten. Dat er no fuortendaliks opstapt, komt troch de opstelling fan Kuiper. Dat skriuwt Apperloo yn in mail oan Provinsjale Steaten. Hy soe te min romte krigen hawwe om syn idealen útfiere te kinnen. Boppedat binne der grinzen oan de wize hoe't er behannele is, fynt er.
Kuiper wol net reagearje. It giet oer persoanen en soks behannelet it CDA yntern.