Mooglik herstart Olympiade

12 sep 2014 - 08:20

De Fryske Olympiade yn Burgum moat fan 2015 ôf in jierliks spektakel wurde. De Olympiade bringt fierljeppers, keatsers en skûtsjesilers op ien dei by-inoar. It waard yn 2013 foar de earste kear hâlden. Doel wie om de Fryske sporten op de kaart te setten. Troch it minne waar en de hege tagongsprizen liet it publyk it lykwols ôfwitte. Fanwege de kosten waard dêrom besletten dit jier allinne in Olympiade foar skoalbern te hâlden. It skûtsjesilen stiet net op it program.

Organisator Anne-Jochum de Vries sjocht no mooglikheden om takom jier dochs wer in Olympiade foar folwoeksen sporters op te setten.

Trefwurden: 
Burgum jeugd Olympiade sporters
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)