Soad belangstelling foar .frl

Der is in soad belangstelling foar in Fryske punt-frl domeinnamme op ynternet. De inisjatyfnimmers fan punt-frl hawwe yn oardel wike tiid al 1300 ynskriuwings krigen fan minsken, bedriuwen en organisaasjes dy't allegearre in punt-frl ynternetadres ha wolle. Dy belangstelling jout neffens wurdfierder Joost van Rooy fan punt-frl oan, dat der beslist in merk is foar Fryske domeinnammen. Leafhawwers kinne har noch oant ein oktober ynskriuwe. Punt-frl kin se lykwols lang net allegearre ek fuortendaliks helpe.
Dit jier wurde net mear as 100 'pioniers' mei in punt-frl adres on-line holpen; oare gadingmakkers moatte wachtsje oant 2015.