Nij skoalswimmen yn Ljouwert

11 sep 2014 - 22:20

Bern yn de gemeente Ljouwert krije mooglik yn de takomst in ferfangende foarm fan skoalswimmen oanbean. De BV Sport is dizze wike úteinset mei saneamde swimnastyk-lessen yn swimbad de Blauwe Golf. Bern fan twa Ljouwerter bassisskoallen krije yn fiif lessen in oantal basissaken leard oer wat se dwaan moatte as se yn it wetter falle of as in oar út it wetter rêden wurde moat. De bern kinne ek yn de kunde komme mei swimsporten as wetterpolo en snorkeljen.

BV Sport hat de swimnastyklessen opsetten om't der hieltyd mear bern binne dy't gjin swimdiploma hawwe. It giet earst om in proef, mar as dy slagget is it de bedoeling dat alle skoallen út de gemeente meidraaie kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)