Kâns op noarderljocht

11 sep 2014 - 20:57

De komende nachten is yn Fryslân mooglik it noarderljocht te sjen. It felgriene ljocht dat troch elektryske dieltsjes feroarsake wurdt, is gewoanwei allinnich tichtby de noardpoal te sjen. De ôfrûne dagen hawwe der lykwols tige heftige útbarstingen west op de sinne. Sa bot sels dat it poalljocht mooglik hielendal oant midden-Europa komme kin. De waadeilannen hawwe de grutste kâns om in glimp op te fangen fan it bysûndere ljocht.

Al moat it dan fansels wol ûnbewolkt en folslein tsjuster wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)