Aart Staartjes ferwûne nei fal

Ambulance © Anton Kappers
Akteur Aart Staartjes fan Sesamstraat is tongersdei ferwûne rekke yn syn wenplak Dronryp. Neffens de earste berjochten wie Staartjes yn syn achtertún dwaande it snoeien fan in beam doe't hy fan in keukentrepke foel. De helptsjinsten rukten fuort út, mei ûnder oare ek in traumahelikopter.
It slachtoffer is stabilisearre op it plak fan it ûngelok en dêrnei mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Neffens de soan fan Staartjes soe de akteur in harsensskodding hawwe.