Amelân freon mei Deenske Fanø

De gemeente Amelân hat in nije freon derby: it Deenske eilân Fanø. In delegaasje fan it Fryske waadeilân hat tongersdei op Fanø in offisjeel freonskipskonvenant tusken de eilannen ûndertekene. It Amelân hat al inkele jierren kontakt mei de Denen, en wol dy kontakten no noch mear oanhelje.
De bedoeling fan de freonskipsbân is ûnder oare dat der fan inoar leard wurdt. Ek kin dan tegearre subsydzjes oanfrege wurde.