Undersyk MFA yn Lemstervaart

11 sep 2014 - 15:52

De gemeente De Fryske Marren undersiket oft sy sels in Multifunksjonele Akkomodaasje yn de wyk de Lemstervaart op De Lemmer realisearre kinne. Koartlyn luts Lyaemer Wonen him werom út it projekt. De wenningboukorporaasje hat dêr gjin jild mear foar.

De gemeente wol dat der hoe dan ek in mfc komt, mei deryn in skoalle, in buerthûs en mooglik ek in pjutteboartersplak. Yn de eardere plannen wie ek plak foar de thússoarch en in konsultaasjeburo. Mar dy wurde yn de nijste plannen fan de gemeente net mear neamd.

Lyaemer en de gemeente sille noch wol gearwurkje by de wykferbettering fan de Lemstervaart. Derfoar sille der wenningen sloopt, boud en renovearre wurde.

Trefwurden: 
De Lemmer MFA Lemstervaart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)