Boeddhistysk lieder kremearre

11 sep 2014 - 15:08

De lama fan Hantum, dy't dêr de earste stoepa fan Nederlân boud hat, is stoarn. De 86-jierrige Gawang is tongersdei mei Tibetaanske rituelen kremearre yn Goutum. Neffens Tibetaansk gebrûk moat it lichem eins werom nei de bertegrûn fan Gawang. Mar de lama dy't de timpel en de stoepa yn Hantum boud hat, kiest foar in Nederlânske kremaasje.

Wol wurde de rituelen útfierd op tradysjonele boeddhistyske wize. Sa is Gawang yn in sitkist fan Hantum nei it krematoarium yn Goutum brocht.

De geastlik lieder stie by de besikers fan de stoepa yn Hantum bekend as belutsen, freonlik en yntelligint. Hy flechte yn 1959 út Tibet en fûn úteinlik yn Hantum syn plak.

(advertinsje)
(advertinsje)