'Ynhelferbod op 80-km dyk'

11 sep 2014 - 14:50

De provinsje sil besjen oft der in ynhelferbod komme moat op guon provinsjale diken yn Fryslân. Dat seit deputearre Sietske Poepjes yn reaksje op de oanbefellings fan ferkearsadvyskommisje SWOV. Dat hat ûndersyk dien nei de feilichheid op 80-kilometerdiken. Dêrút is nei foaren kaam dat it tal deadlike ûngelokken flink nei ûnderen kin troch it ynheljen te ferbieden.

De measte deadlike ûngelokken op provinsjale diken wurde feroarsake trochdat der flaters makke wurde by it ynheljen.

SWOV fynt ek dat de maksimum snelheid by krúspunten nei ûnderen moat. Deputearre Poepjes seit dat de provinsje op it stuit al miljoenen ynvestearret yn it feiliger meitsjen fan provinsjale diken.

Trefwurden: 
80-km dyk ynhelferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)