Ynspylje op krimp wenningmerk

11 sep 2014 - 14:11

De provinsje moat yn gearwurking mei gemeenten no al ynspylje op in eventuele krimp op de wenningmerk oer 15 jier. Dat seit Jan Visser, steatelid fan de FNP, yn reaksje op in rapport fan it Planbureau voor de leefbaarheid. Dat buro seit dat yn 2030 minder huzen nedich binne, foaral yn krimpregio's.

Dat komt omdat de babyboomers der dan net mear binne of omdat minsken fanwege âlderdomsklachten harren huzen ferlitte. De generaasje dy't dêr achteroan komt is lytser en hat minder huzen nedich.

De provinsje moat dêrop ynspylje seit Visser, oars driget leechstân en mooglik weardefermindering. It duorsumer meitsjen fan wenningen en it ombouwen fan leechsteande winkels en kantoaren binne mooglikheden, fynt hy.

Trefwurden: 
wenningmerk krimp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)