Bulgaren fuort by Oenema

Transportbedriuw Oenema op It Hearrenfean wurket net langer mei goedkeape Bulgaarske sjauffeurs. Dat seit it fakbûn FNV. It fakbûn fierde op 22 augustus aksje tsjin it ynsetten fan Bulgaarske sjauffeurs. Se krije te min betelle en soene banen fan Nederlânske sjauffeurs ynnimme. De Bulgaarske sjauffeurs soene tongersdei nei hûs stjoerd wêze.
Neffens Edwin Atema fan it fakbûn is dat te tankjen oan de eardere aksje dy't troch it fakbûn hâlden is.