Skoalreiske yn Fryslân populêr

It skoalreiske bliuwt yn Fryslân tige populêr. Der is op guon skoallen wol oer diskusje oer it skoalreiske, mar fan ôfskaffen is gjin sprake. Hieltyd mear skoallen oerwaagje it skoalreiske ôf te skaffen of yn elts gefal it karakter te feroarjen. It soe net mear fan dizze tiid wêze en foar guon âlden soe it ek te djoer wurde.
Fanwege de krisis kinne se de útstapkes net mear betelje. In inkele skoalle skrast it skoalreiske folslein, oaren kieze foar in mear edukatyf karakter.
Yn de Reade Tried fan tongersdei omtinken foar it skoalreiske. Jo meie reageare op de stelling: It skoalreiske moat bliuwe!. Reageare kin troch it antwurdapparaat yn te sprekken: 058-2009777 of in mail te stjoeren nei rt@omropfryslan.nl.