15-jierrich kanotalint nei WK

De 15-jierrige Ysanne Pasveer fan Ljouwert is oproppen foar de nasjonale seleksje froulju ûnder de 21 jier dy't oer twa wiken yn Frankryk meidocht oan it wrâldkampioenskip kanopolo. Ysanne is lid fan de Ljouwerter kanoferiening de Hydronauten. Se is in Fryske topper.
De sport is net echt bekend by it grutte publyk, mar wurdt wol op nasjonaal en ynternasjonaal nivo beoefene.