Betinkingstocht Jorwert hâlden

10 sep 2014 - 22:14

Yn Jorwert is woansdeitejûn in betinkingstocht holden foar de 18-jierrige Hylke Zondervan, dy't ôfrûne freed by in slim auto-ûngelok om it libben kaam. De tocht gie nei it plak dêr't de jonge ferûngelokke is. Krekt dêrfoar wie de kondoleânsje holden op de pleats fan de famylje Zondervan. Op it plak fan it ûngelok waard troch in pear minsken wat sein en binne 18 winskbalonnen de loft yngien. Doel fan de betinkingstocht wie om it drama te ferwurkjen. De tocht waard organisearre troch de jeugdklup.

Der rûnen ek oare minsken út it doarp mei, meielkoar rûnen sa'n 200 minsken mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)