Giftige ferve op fleanbasis

10 sep 2014 - 17:47

Op de fleanbasis fan Ljouwert is ek mei giftige ferve wurke. Dat meldt de NOS op basis fan arbo-rapporten. Der wie oant no ta fan útgien dat meiwurkers fan definsje op fiif NAVO-wurkplakken bleatsteld binne oan de ferve, mar no komme dêr noch tsien lokaasjes by, wêrûnder de Ljouwerter fleanbasis.

Yn de ferve sit it kankerferwekkende chroom-6. De rapporten fan de arbo binne opsteld yn de jierren 1999-2001.

Foarsitter Jean Debie fan it Fakbûn foar Definsjepersoniel ropt meiwurkers fan de fleanbasis Ljouwert dy't tusken 1999 en 2002 F16's ûnderhâlden hawwe op om har te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)