Skeelerbaan yn De Westereen

10 sep 2014 - 17:27

Takom jier kinne der ynternasjonale skeelerwedstriiden hâlden wurde yn De Westereen. De oanlis fan in nije hurdfyts- en skeelerbaan is woansdei begûn. It wie lang ûnwis oft de baan der wol komme soe, mar no kin er dochs oanlein wurde. Ein dit jier moat it projekt klear wêze.

It projekt kostet mear as in heal miljoen euro. De helte is opbrocht troch de gemeente Dantumadiel. It oare part wurdt finansierd troch Europeeske en provinsjale subsydzjes.

Trefwurden: 
De Westereen skeelerbaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)