Brân L'each ek yn restaurant

10 sep 2014 - 13:58

De brân yn de haven fan Lauwerseach is opskaald nei in hiel grutte brân. Der komt ek in heechwurker om it fjoer te bestriden. It fjoer is no ek yn it restaurant fan Sterkenburg Vis en Garnalen. De brân wie earder woansdeitemoarn ûntstien yn it part fan de fiskferwurking. De brânwacht hat ek de mjitploech nei it plak fan de brân stjoerd.

De brân wie om goed 15.00 oere noch altyd net ûnder kontrôle. De muorren fan it gebou wurde sloopt om de kearn fan de brân te finen. Om 17.00 oere koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)