12-jierrige fytser ferwûne

10 sep 2014 - 10:54
Plysje - Foto: ANP XTRA

Yn Dokkum is tiisdeitemiddei in 12-jierrige fytser út dat plak ferwûne rekke by in oanriding op de Burdaarderstrjitwei. De fytser stuts samar de dyk oer en in 30-jierrige autobestjoerder út Dokkum koe him net mear ûntwike.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Dokkum oanriding
(advertinsje)
(advertinsje)