CDA:fernuvere oer beslút Lawei

De CDA-fraksje yn de gemeenteried fan Smellingerlân is bot fernuvere oer it beslút fan De Lawei en de gemeente Smellingerlân om it boukontrakt mei oannimmer Van Norel fuortendaliks te beëinigjen. Hjirtroch rint de nijbou fan de Drachtster skouboarch fertraging op. De grutste opposysjepartij seach problemen by de bou totaal net oankommen en is benaud dat de bou folle djoerder wurdt as de plande 19 miljoen euro.
Fan begjin oktober ôf stiene der al nije foarstellings pland, mar dy geane foarearst net troch.