'Mûne moat ryksmonumint wurde'

10 sep 2014 - 09:48

Mûne De Windlust fan Boerum moat as ryksmonumint oanmurken wurde. Dêr pleitet boargemaster Bilker fan Kollumerlân nochris foar yn in brief oan minister Bussemaker fan Kultuer. De mûne is nei in fûle brân yn 2012 hielendal wer opboud. Bewenners fan Boerum wolle dat de nije mûne, lykas de âlde dat ek wie, ek wer in ryksmonumint wurdt. Earder tsjinne in mearderheid yn de Twadde Keamer in moasje yn om de status te behâlden. De minister wol dêr lykwols net oan. Bilker trunet op dy status oan fanwege de erkenning en waarboarch foar de takomst.

Ek de Raad voor Cultuur advisearre om de mûne as ryksmonumint oan te merken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)