Fryslân te gast yn Den Haach

10 sep 2014 - 09:42

Fryslân mei op Prinsedei nije wike tiisdei 150 minsken nei Den Haach stjoere. Alle jierren is in bepaalde provinsje oan bar as gast by de iepening fan it parlemintêre jier en dizze kear is dat Fryslân. Neffens de tradysje komme de provinsjale gasten yn unifoarm of dracht.

De Fryske delegaasje bestiet út skotsploegen, koaren, ferienings en stedsomroppers út ûnder oare Boalsert, Hylpen, Makkum, Ternaard en Sleat. Meiwurkers fan de provinsje begeliede de gasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)