Trije generaasjes bakkers

10 sep 2014 - 06:06

Woansdei giet yn Wommels de fernijde bakkerij fan Bakker Posthuma offisjeel iepen. Sûnt novimber is der hurd wurke oan de útwreiding fan sa'n hûndert kante meter. Dêrfoar siet in lang trajekt fan fergunningen en archeologysk ûndersyk. Mei de fernijing komt ek in nije generaasje oan it roer. De 32-jierrige Nyncke Posthuma is de tredde generaasje en sil woansdei it bedriuw oernimme fan har heit en mem.

Njonken de winkel yn Wommels hat Bakker Posthuma ek noch winkels yn Boalsert en Snits.

Trefwurden: 
bakker Wommels Posthumus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)