Ferwûne by botsing Houtigehage
Op de Folgersterloane yn De Houtigehage is tiisdei oan de ein fan de middei ien persoan ferwûne rekke by in ûngelok. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen in camper en in auto meielkoar yn botsing.
Twa ambulânses en de brânwacht fan Surhústerfean waarden oproppen. De dyk waard in skoft ôfsletten foar it oare ferkear.