Frou ferwûne yn Ferwert
In 72-jierrige frou út Hallum is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Ferwert. Se fytste oer de Kleasterwei doe't se gjin foarrang krige fan in 43-jierrige autobestjoerder út Hallum.
De frou rekke ferwûne oan har holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.