Bommen falle op Flylân

09 sep 2014 - 15:35

Flylân komt nije wike ûnder fjoer te lizzen. F-16 jachtfleantugen sille as oefening 33 bommen mei eksplosive lading falle litte op de NAVO oefenlokaasje de Vliehors Range. It binne bommen fan 500 pûn it stik fan it type MK82. De flechten wurde middeis en jûns hâlde. De fleantugen begjinne op de fleanbasis yn Ljouwert.

Troch de oefening is de Vliehors Range op it eilân sletten foar publyk. Dit wurdt oanjûn mei warskôgingsbuorden en reade flaggen. It Bureau Geluidhinder van de Koninklijke Luchtmacht op Teksel sil lûdmjittings dwaan.

Trefwurden: 
Flylân bommen oefening
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)