Bouwer Lawei: tsjinslaggen hân

Boubedriuw Van Norel út Epe fynt it hiel spitich dat De Lawei de oannimmersoerienkomst mei it bedriuw opsein hat. Neffens direkteur Hans van Norel hawwe se fan it begjin ôf te krijen hân mei tsjinslaggen, lykas de fynst fan asbest.
It ûntwerp moast ferskate kearen oanpast wurde en it boubedriuw krige gegevens net of let. Om de kwaliteit en feiligens fan it gebou te garandearjen, wie in fertraging yn de oplevering neffens Van Norel net foar te kommen.