Ynslûpers De Jouwer en Drylts

Plysje © ANP XTRA
De plysje ûndersiket twa ynslûpings yn Drylts en op De Jouwer moandeitejûn. In 87-jierrige frou út Drylts trapearre om in oere as sân in ûnbekende frou yn har wenning oan de Ylostinsleane. Se wist de ynslûpster út har hûs te krijen sûnder dat de dief jild meinimme koe. In 83-jierrige frou fan De Jouwer hie minder gelok, doe't sy in ûnbekende frou yn har sliepkeamer oantrof. By har waard wol jild stellen.