Mooglike trochstart foar Cosmo

09 sep 2014 - 11:49

Der wurdt noch hieltyd hurd wurke oan in trochstart fan dielen fan it fallite Cosmo Trucks. Dizze wike moat der mear dúdlikheid oer komme. It soe dan ûnder oare gean om festigings yn Ljouwert en Boalsert. In eardere oername troch de Mossel Groep mislearre.

Der wurdt no sjoen oft de festigings los fan elkoar ferkocht wurde kinne. Cosmo Trucks is in bedriuw dat frachtauto's ûnderhâldt en hat festigings yn Ljouwert, Boalsert, Sint Anne en op It Hearrenfean. Mei-inoar wurkje der 55 minsken.

Trefwurden: 
fallyt Cosmo Trucks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)