Bedriuwsbus fuort yn Bakkefean

09 sep 2014 - 10:50

Yn Bakkefean ûndersiket de plysje in ynbraak dy't yn de nacht fan snein op moandei dien is. De stellerij waard moandeitemoarn om 8.30 oere hinne by in bedriuw oan de Jarig van der Wielenwei ûntdutsen. De fertochten hiene de doar fan it hoarkeabedriuw forsearre. Der waarden laptops, beamers, flessen drank en jild meinommen. Der waard ek in bedriuwsauto (Citroën Nemo, 1-VJP-98) stellen. In 52-jierrige ynwenner fan Bakkefean hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
ynbraak Bakkefean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)