Bysûndere grêfstien yn Huzum

It begraafplak fan de Huzumer tsjerke © Christiaan Triebert
It begraafplak yn Huzum krijt der in bysûndere nije grêfstien by. Yn de gemeentlike opslach fûn de Pleatslike Kommisje fan de Doarpstsjerke Huzum de grêfstien fan de âlden fan dichter Jacob Slauerhoff. It wie al bekend dat beide âlden hjir begroeven leinen. Der wie lykwols gjin grêfstien. Yn oerlis mei de gemeente is besletten de stien op in sokkel te pleatsen, dy't op it begraafplak komt te stean.
Op 18 septimber sil sjongeres Nynke Laverman de grêfstien ûntbleatsje.
Op 2 oktober wurdt de jierlikse Slauerhoff lêzing holden troch professor Marita Mathijsen, heechlearaar moderne Nederlânske letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam.