Soad animo rydfeardigenskursus

In lytse hûndert dielnimmers dogge tiisdei yn gemeente De Fryske Marren mei oan de rydfeardigensdei foar 50-plussers. Nij foar Fryslân is dat der ek twa motorriders meidogge. It giet om in opfriskursus.
It ferkear wurdt hieltyd drokker en dêrtroch yngewikkelder. Ek komme der nije ferkearsregels en modernere konstruksjes fan diken. It is dêrom goed dat minsken op de hichte bliuwe fan dizze feroarings. Mei-inoar sille 16 rydynstrukteurs de 50-plussers begeliede.