Gjin kandidaat reedrydtimpel

KNSB © Omrop Fryslân
Der hawwe harren gjin nije gadingmakkers melden om de nije reedrydtimpel fan Nederlân te bouwen. Dat meldt reedridersbûn KNSB. Yn juny waard de gunning oan Icedôme yn Almere ynlutsen, omdat se de finansiering net rûn krije koene.
De KNSB hopet dat de oare beide kandidaten, Thialf en TranSportium út Zoetermeer, gearwurkje sille. Direkteur Sanders hopet dat sy uterlik yn novimber in plan hawwe. De KNSB siket noch altyd om in nij topsportsintrum en hopet dat Thialf en TranSportium dêr tegearre út komme sille.