'Brân yn Snitser wyk Tinga'

08 sep 2014 - 22:19

Ynwenners fan de Snitser wyk Tinga koene moandeitejûn sels ûnderfine wat de ympakt fan in wenningbrân is. De brânwacht fan Snits hâlde yn ien fan de leechsteande hierwenten fan wenningbouferiening Accolade in oefening. Der waard neispile dat der brân útbrutsen wie yn de keuken, wylst de bewenners boppe leine te sliepen.

Under de oefening joegen brânwachtfoarljochters útlis oer wat der barde en ek wat der oan previnsje dien wurde kin troch bewenners sels. De klam waard lein op de oanskaf fan reekmelders.

Trefwurden: 
Snits brânwacht oefening Tinga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)