FNP: net prate, mar oanpakke

FNP
De steatefraksje fan de FNP wol dat de provinsje ophâldt mei praten oer de soarchekonomy, mar oanpakt. De fraksje tinkt dat de aksinten yn it plan fan oanpak fan Deputearre Steaten ferkeard lein wurde en komt dêrom mei in moasje yn de Steaten fan 24 septimber. It FNP fynt dat it tiid is foar it oanfiterjen fan kant en kleare inisjativen dy't al op 'e planke lizze.
De FNP wol dat it kolleezje foar 1 jannewaris 2015 mei in list fan konkrete plannen komt dy't al troch bedriuwen yn de sektor útwurke binne.