'Sionsberg' opnij besprekke

08 sep 2014 - 21:34

De medysk spesjalisten yn Fryslân en soarchferseker De Friesland kinne harren fine yn de ferbetterpunten fan pasjinte-organisaasje Zorgbelang Fryslân. Dy stean yn it rapport 'Friese burgers over de organisatie van de zorg 2020' dat moandei oanbean is oan Diana Monissen fan De Friesland. Sy kin har fine yn 80% fan de punten. Oer de ferskillen fan miening wurde se it wol iens, sei Monissen. Dat betsjut ûnder oare dat de Sionsberg wer op de aginda stiet.

De kommunikaasje tusken pasjinten en dokters en dokters ûnderling sil ek ferbettere wurde, pasjintedossiers wurde tagonkliker en de pasjint komt oan it roer te stean fan de eigen behanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)