Sander de Rouwe listlûker CDA

Sander de Rouwe wurdt foardroegen as de listlûker foar it CDA by de ferkiezings fan Provinsjale Steaten fan maart 2015. It algemien bestjoer fan it CDA hat dat moandeitejûn unanym besletten. Op 8 oktober hawwe de leden fan it CDA it lêste wurd hjiroer.
De 33-jierrige Sander de Rouwe wennet yn Boalsert en sit sûnt 2007 yn de Twadde Keamer foar it CDA. Hy is bliid mei de kandidaatstelling en hat sin oan de ferkiezingskampanje.