Foppe-open-golf: 20.000 euro

08 sep 2014 - 20:03

It golftoernoai Foppe Open yn Beetstersweach hat sa'n 20.000 euro oplevere foar it Foppefûns. De Foppe Open is in golftoernoai dêr't 'captains of industry' foar in protte jild in dei golf spylje mei ferneamde (âld-)sporters, trainers en minsken út de mediawrâld. Op it terrein fan de Golf & Countryclub Lauswolt wiene moandei sa wer hûnderten minsken aktyf foar it goede doel: jild garje foar sporters mei in hendikep. Foppe de Haan stoart ek alles wat er ferstjinnet mei lêzings en oare bybaantjes yn it saneamde Foppefûns.

It fûns kin dêrtroch foar tonnen yn it jier beskiber stelle oan de hendikeptesport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)