Jild foar histoaryske parken

08 sep 2014 - 18:51

De gemeente Súdwest-Fryslân hat 185.000 euro fan it ryk krigen foar it ûnderhâld fan it Wilhelminapark yn Snits en it Julianapark yn Boalsert. Beide histoaryske parken binne oant no ta goed bewarre bleaun. Mei dit jild kinne de parken ek de kommende jierren op oarder hâlden wurde en kin foarkommen wurde dat der op langere termyn djoere restauraasjes dien wurde moatte.

Beide parken binne al mear as hûndert jier âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)