Baan by de provinsje populêr

08 sep 2014 - 17:04

Ien simpele oprop op Twitter hat 453 reaksjes fan ôfstudearre hbo- en wo studinten opsmiten dy't graach in traineeship folgje wolle by de provinsje Fryslân. De briefskriuwers meitsje nei in strange seleksje en petearen kâns op ien fan de tsien banen dy't de provinsje beskikber hat foar de jonge ôfstudearden.

It giet om banen as projektmanager en yn funksjes as jurist en kommunikaasje-spesjalisten. It traineeship duorret twa jier. Ek yn 2012 en 2013 hat de provinsje trainees oannaam. In part fan har is noch altyd yn funksje.

Trefwurden: 
provinsje trainee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)