'De Friesland krijt rapport'

"Pasjinten moatte it heft yn eigen hannen nimme by de behanneling fan in sykte. Pasjintedossiers moatte maklik tagonklik wêze. Der moat folle mear fanút de pasjint tocht wurde. Húsdokters en spesjalisten moatte folle better gearwurkje".
Dit en noch 50 oare oandachtspunten steane yn it rapport 'Friese burgers over de organisatie van de zorg in 2020'. It is opsteld troch pasjinte-organisaasje Zorgbelang Fryslân. Moandei is it rapport oanbean oan Diana Monissen fan soarchfersekerder De Friesland.
Monissen sei dat se 80% fan de punten ûnderskriuwe kin en wat de ferskillen oangiet komme se der wol út. De spesjalisten kinne har fine yn de punten dy't oer de kommunikaasje tusken pasjint en dokters geane.