Stoarmskea bosk wurdt opromme

08 sep 2014 - 12:58

De Ljouwerter Bosk wurdt de kommende wiken flink ûnder hannen naam. Yn it eastlik part fan de bosk lizze noch altyd beammen dy't by de hjerststoarm fan ferline jier omwaaiden. De gemeente sil in diel fan dizze beammen fuorthelje en de bosk fierder úttinje om jonge beammen in kâns te jaan.

Foardat se dêr mei begjinne, is earst yn kaart brocht wêr't nêsten en hoalen fan bisten sitte. Wêr mooglik bliuwe omwaaide beammen lizzen, sadat planten en bisten hjir libje kinne.

De nije oanplant wurdt mei mooglik makke troch it ferkeapjen fan it hout fan de omwaaide beammen. De wurksumheden nimme nei alle gedachten sa'n seis wiken yn beslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)