Meardere bestjoerders Jorwert

Der hawwe meardere jonges yn de auto riden, foardat se ôfrûne freed yn Jorwert tsjin in beam rieden. Dêrby kaam in 18-jierrige jonge út Jorwert om it libben. Dat docht bliken út de earste petearen dy't de plysje mei de belutsen jonges hân hat. Der is in sterk fermoeden wa't op it lêste momint riden hat en feroarsaker fan it ûngelok is, seit de plysje.
De jonges wurde fertocht fan ferskate saken, sa as it feroarsaakjen fan it ûngelok, it ferlitten fan it plak fan it ûngelok, ride sûnder rydbewiis, joyriding en it fertsjusterjen fan de auto.
Ut technysk ûndersyk en tsjûgeferklearrings moat noch bliken dwaan wat de krekte oarsaak fan it ûngelok west hat. De jonges sitte net fêst, mar meie it ûndersyk thús ôfwachtsje.