Plestik wrâldprimeur Aldehaske

Der komt in fabryk foar it meitsjen fan bioplestik op it terrein fan Omrin by Aldehaske. Fryslân hat dêrmei in wrâldprimeur. Begjin 2015 set inisjatyfnimmer KNN Bioplastic út Grins útein mei de bou. It giet om in ynvestearring fan 15 miljoen euro troch in groep ûndernimmers wêrfan ôffalferwurker Omrin der ien is. De provinsje Fryslân stekt der ek jild yn.
It bioplestik wurdt makke fan organysk ôffal en wurdt brûkt foar heechweardige tapassings yn ûnder oare kosmetika. It is te djoer foar bygelyks frisdrankflessen.
De bou fan it fabryk duorret in jier en dan is der wurk foar tsientallen minsken.